Omrop Fryslan 14-03-11 21:12:33

Graag even telefonisch contact i.v.m. opnamen a.s. zaterdag!!

06-51172811

Kees van der Beek 24-02-11 16:30:47

Goeie,

Mei it oergean fan in âld nei nij e-mailadres bin ik de korrespondinsje mei jimme kwytrekke. No mar wer lâns dizze wei.
Jimme komme 26 maart nei Hurderwyk - dat stiet al fêst, mar no wol ik graach fan jimme witte mei hoefolle minsken nei Hurderwyk komme. Hoe wolle jimme it jild krije - sa yn't hantsje as fia de bank oermakke?
Us kritejûnen begjinne om 19.30 û. Jimme kinne nei de iepening oan'e slach mei jim program. Hoe let tinke jimme yn Hurderwyk by de Kiekmure te wêzen? Dan binne wy der om jimme te ûntfangen.
Graach reagearje op myn e-mailadres.
Alfêst tige tank!
Kees.

Klaske Kingma- Noordenbos 12-05-10 20:41:43

Achte v.d. Beek,

Wy soene graach ris by jim komme wolle, mar kinne net op 27 nov. 2010.
As jim in oare datum ha,kinne jo my it bêste even maile.

Groetnis fan ús allegearre,

Klaske.

Kees van der Beek 12-05-10 18:59:37

As skriuwer fan de Fryske Krite "Meiinoar Ien" Hurderwyk e.o. soe ik graach fan jimme in reaksje op'e fraach as jimme 27 novimber 2010 ek nei Hurderwyk komme kinne en wolle mei it program "Kleur bekenne...." (graach mei priisopgaaf)

Klaske 22-01-07 14:20:58

Bedankt foar dyn réaksje Piaf, in oare kear better, en jim in soad wille yn de Koornbeurs!

edith piaf 22-01-07 01:27:20

goeie noboko!

wat ha jim in leuke side!
ik woe jim bedanke foar de brief fan noboko mei de utnoeging foar de weme yn menaam, spitichgenoch kin ik net, ik sil nei de koornbeurs (jo moat se stypje oars giet de boel failliet), ik liuw dat ik nei Flairck gean mar it soe samar wat oars weze kinne.
ik winskje jim yn elts gefal in soad lok en wille want dat is tige wichtich!

Au revoir in elts gefal!

Douwe Joepstra 19-10-06 00:53:35

Goeie Noordenbos en Ko

Ik haw in fraach, hoe komme jim oan de namme?
Myn frouw sei dat is fan dy feekeapman Noordenbos, want dy hie altyd in Ko!,
Iksei: nee dat is fan Noordenbos dyt altyd mei de kryst "Ko"nijnen ferkocht op é joademerke yn ljouwert.
Myn achternicht hart buorman dy hie in omkesizzer en dy syn faam har suske har beppe dy sei dat is fan Noordenbos sei altiid as jo net lusterje dan slane we jo KO!

Ik wit it net mear, kinne jo my helpe?

Groetnis yn fertriednis fan in Riedelease Douwe Joeptstra

Klaske 07-03-06 13:07:54

Tankewol foar jimme berjochtsjes,wy sille jim sa goed mooglik op 'e hichte hâlde, en meskyn de site noch wol wat útwreidzje (mei tank oan Anneminke) 8 Maart, Wereldvrouwendag, sille wy Teater de IJsherberch ris even op 'e kop sette, jim hearre wol hoe 't dat giet!

Geertje Kingma 06-03-06 14:00:08

En sa rôlje ik fan de iene (jankfodde)side yn dy fan jim. (Wat is in kompjoeter dochs in geweldich medium! Sa kin ik as âld "fan" jim dwaan en litten op kabaret-mêd ek noch ris in bytsje byhâlde.)
De alderhertlikste groetnis foar jim allegearre, en in soad sukses tawinske!!

Else 26-02-06 12:16:32

Wat leuk, je kinne wol sjen dat se in soad wille ha mei elkoar. Moaie foto's. Is der ek info of foto's fan de eardere progammas? En ik soe wol es wat mear witte wolle fan de spylers; portret? Fierder sjocht it der hiel moai ut allegear.
Groeten fan it ald-spylster

1 2
Zoeken
Terug naar homepage
 



- Webhosting vanaf € 1,95
- Wordpress in een handomdraai
- Telefonisch bereikbaar
- Gratis verhuisservice
Klik hier en begin

-20+ jaar ervaring
-Grootste aanbieder van Nederland
-Gratis SEO-check
Klik hier voor gratis en vrijblijvend advies